Noardatapaskyske talen

Noardatapaskyske talen
algemien
oare namme(n) Noardatabaskyske talen
lokaasje noardwestlik Noard-Amearika
tal talen 29
tal sprekkers 28.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Dené-Jenisejaansk
  ● Na-Dené
    ● Ejak-Atapaskysk
      ● Atapaskysk
        ● Noardatapaskysk
subgroepen sjoch: Underferdieling

De Noardatapaskyske talen of Noardatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze talen wurde sprutsen troch sa'n 28.000 leden fan Yndiaanske folken yn 'e Amerikaanske steat Alaska en it noardwestlike diel fan Kanada. De grutste taal fan dizze groep is it Tsjippewaien, fan noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers. Dyselde taal hat kwa oerflak it grutste ferspriedingsgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search